Program!

Boppe de Mjitte

Op 20 maaie 1925 waard yn Grins it Studinte-Selskip foar Fryske Stúdzje Bernlef oprjochte. Fan tige Frysksinnich is it selskip yn njoggentich jier útgroeid ta in ûnmisbere gesellichheidsferiening yn Grins mei in Fryske identiteit. Dit jier bestiet Bernlef 90 jier en wurdt it achttjinde lustrum fierd. It is in weromblik op njoggentich jier oan skiednis, mar ek sjogge we foarút nei de takomst. Mei it tema ‘Boppe de Mjitte’ geane wy it lustrumjier yn!

Boppe-‘mjitte,adv. Bovenmate, buitengewoon.
Boppe de mjitte betsjut safolle as it oertreffen dat de mjitte. Kinst it fergelykje mei it Hollânske wurd ‘bovenmaats’ of de útdrukking ‘boppe it maaifjild útstekke’. Der út springe dogge we graach by Bernlef. Mei ús eigensinnige karakter, ludike aksjes en memorabele feesten bygelyks. It achttjinde lustrum fan de feriening sil dan ek wer grif wer boppe de mjitte wêze, in tapaslike kommisjenamme.

It 18e lustrum van Bernlef wurdt stipe troch:

Gala by E.M.G. Faktors

In lustrum betsjut elkenien yn de kreaze klean. Op sneon 17 maaie, de wike wêryn Bernlef 90 jier lyn oprjochten waard, wienen der mar leafst 90 leden, âld-leden en yntrodusees te finen op in deftich gala yn de âlde graanfabryk fan Grins. Klompen wiene ferbean! Der waard dûnse op de muzyk fan Weima en Van der Werf en nei in speech fan earelid Pier Fopma waard om middernacht it lustrumjier ynknald.

Lustrumdrank

Ter eare fan it njoggentich jierrich bestean fan Bernlef is der yn gearwurking mei Widdo Joustra in Lustrumdrank broud. Op 17 oktober sil de drank by de distillearderij yn Snits op bysûndere wize úbrocht wurde. By moarnsdage wurde de flessen bottele en oan it begjin fan de middei fersoarget trûbadoer Piter Wilkens in muzikaal intermezzo. Dêrnei is der in rûnlieding troch it pân fan Joustra troch de Widdo harsels en is der tiid om de eksposysje '150 jaar Weduwe Joustra' te bewûnderjen by Galerie Peter Bax. Nei it hurde wurk is it tiid foar in buorrel op de binnenpleats fan Weduwe Joustra. Dan, oan it ein fan de middei, presintearret Wout Zijlstra, de sterkste man fan Fryslân, de earste flesse. Dêrnei wurde de flessen mei de Gaasterlân Express nei Grins brocht.

It argyf fan tresoar

Bernlef hat mei har njoggentich jierrich bestean o sa’n rike skiednis opboud en konkrete bewizen dêrfan binne der folop yn it argyf fan Tresoar, it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum yn Ljouwert. Fynst der bygelyks oantekens fan de earste húshâldlike gearkomsten, pamfletten út de oarloch, foto’s fan de tiid by Hendrick de Cock, boutekeningen fan de Pizel, KEI-wike promoasjemateriaal, kranteknipsels oer de Kameleonfilm, Harpe’s en lustrumboeken. Yn it ramt fan it lustrum dûkt de kommisje de argiven yn en sil it wykein foar de lustrumwike 17 o/m 19 april it moaiste spul tentoanstelle. De tentoanstelling wurdt iepene troch in pommerant en der sil grif ek in soad media oanwêzich wêze.

Ha jo noch oantinkens thúslizzen dy’t beslist de muoite wurdich is om eksposearre te wurden of wolle jo oars in bydrage leverje? Nim kontakt op mei de lustrumkommisje troch te mailen nei lustrum@bernlef.com of skilje Froukje Stuursma: 06-42911780.

Kom yn kontakt

Wolle jo yn kontakt komme mei Bernlef, folje dan it ûndersteande formulier yn en wy komme der sa gau mooglik wer op werom.